Willem Mook - Wikipedy

Willem Mook

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Willem Mook (1998)
Willem Mook

Willem Mook (Ljouwert, 2 maart 1954 ) is in keunstner dy't yn Ljouwert wennet. Hy is tekenlearaar yn Frjentsjer en Harns.

Hy krige syn oplieding oan Ubbo Emmius, syn earste eksposysje wie yn 1993. Willem Mook is skilder, tekener, yllustrator, grafysk foarmjouwer. Yn syn frije tiid makket er tradysjonele en figurative tema's lykas neakens, stillibbens yn tradysjonele techniken lykas oaljeferve en potlead en sa, mar ek yn moderne digitale techniken. In protte lânskippen haw Mook skildere yn 't Bilt mei syn iepen Fryske lânskip; in hast harmonieus byinoar kommen fan abstrakte stikken lân, loft en wetter. Willem Mook beskôget neakens as it útprobearjen om in earlik portret te meitsjen fan it minslik lichem as in artistike en monumintale bydrage oan 't minsklik libben en kultuer. Hy wol dat nij ûntdekke litte en net foarspelber, faaks in hast taastbere wrâld foar sawol de skilder as de oanskôger.

Eksposysjes hat er û.o. hân Tokio, Barselona en Aldtsjerk. Der hinget wurk fan him yn Japan en Barselona. Mook makke yllustraasjes foar it eardere Frysktalige tydskrift Frysk en Frij, de KFFB, de Q en de Ljouwerter Krante.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


skup samochodów mieszkania wynajem kraków deltim Wrocławiu data center