Westernijtsjerk - Wikipedy

Westernijtsjerk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Westernijtsjerk
Flagge fan Westernijtsjerk Wapen fan Westernijtsjerk
Flagge Wapen
Lokaasje fan Westernijtsjerk
Gemeente Ferwerderadiel
Ynwennertal (2008) 50
Webstee webstee Marrum.nl
Westernijtsjerk

Westernijtsjerk wie in doarp yn de gemeente Ferwerderadiel. De namme is dúdlik. It wie de nije tsjerke by Marrum en om gjin misbegryp te krijen mei Easternijtsjerk yn Dongeradiel waard der "Wester" oan tafoege. Offisjeel brûkten de gritenij en de gemeente allinnich "Nijtsjerk".

Yn 1744 wie it ynwennertal 98. No wurdt der rûsd dat sa'n 50 minsken harren Westernijtserkster neame mei.

[bewurkje seksje] It ûntstean fan it doarp

It doarp is yn de Midsieuwen ûntstien op in kwelderwâl. As oarsaak fan de doarpsstifting wurdt in konflikt tusken de Jep(pe)ma's en de Ponga's beskôge. Jeppema hie syn besit oan de noardkant fan de Hege Hearrewei en besleat doe om sels mar in doarp te stiftsjen op wat syn eigendom wie. Hy krige it safier dat de biskop fan Utert him tastimming joech om in tsjerke te bouwen. Sa krige Westernijtsjerk syn doarpsstatus. De tsjerke waard boud op de grûn fan Jeppemastate. It liket der sels op dat de pastoar eins in húskapelaan fan de Jeppema's wie. Dat moast ta swierrichheden liede. Yn 1570 woe de geastlikheid ek mar besit fan Jeppemastate nimme. De Ljouwerter biskop Cunerus Petri hat doe bemiddelje moatten. De oplossing liket west hawwen dat de grêft fan Jeppemastate sa ferlein waard dat de tsjerke en it tsjerkhôf bûten it terrein fan Jeppemastate kamen te lizzen. Op de kaart fan Wopke Eekhoff út 1846 is dat noch dúdlik te sjen.

Nei de Jeppema's is Jeppemastate yn it besit kommen fan de Roorda's en de famylje fan Grovestins. Om 1800 hinne is de, doe al ôfbrutsen state yn hannen de famylje Collet d'Escury út Leien kommen.

De tsjerke falt op de Ljouwerterdyk op

[bewurkje seksje] De tsjerke

De romaanske tsjerke yn de 13e ieu boud. De toer is út de 15e ieu. Yn de toer hingje twa klokken, ien út 1385 en de oare is fan 1405. It ynterieur is lykwichtich. De hearebank komt út de 17e ieu. Der stiet in barokke preekstoel en foaral de banken út de 16e ieu falle op. Der sit hiel moai snijwurk oan. Guon tinke dat de namme Jeppema yn 't snijwurk werom te finen is. Fan Marrum, wêr't Westernijtsjerk sûnt de Reformaasje kombinearre is, rint de Tsjerkeloane. Net sa lang lyn is dit tsjerkepaad wer yn âlde steat brocht.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens



meble łazienkowe tanie meble katowice oferty pracy gorzow hosting międzynarodowy transport zwłok