Skiermûntseach (eilân)
Gemeente Skiermûntseach
|
|||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() |
|||||||
| Provinsje | Fryslân | ||||||
| Boargemaster | Martin Zijlstra (waarnimmend) | ||||||
| Haadplak | Easterbuorren | ||||||
| Gebiet - wetter |
199,07 km² - 158,53 km² |
||||||
| Ynwenners | 992 | ||||||
| Ferkearsieren | --- | ||||||
| Netnûmer | 0519 | ||||||
| Postkoades | 9166 | ||||||
| Offisjele webstee | www.schiermonnikoog.nl | ||||||
Skiermûntseach of Skiermuontseach (Offisjeel: Schiermonnikoog), yn it lokale Frysk Schiermonnikeich of Lytje Pole, is ien fan de fiif Westfryske eilannen. It is in gemeente mei 1.001 ynwenners (1 jannewaris 2003). De gemeente hat in oerflak fan 199,07 km2, dêr't fan 158,53 km2 wetter, en 44,2 km kust is.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Eilân
Sûnt 1989 is it grutste part fan it eilân in Nasjonaal park. Fan Skiermûntseach giet in fear nei Lauwerseach.
It eilân feroaret, lykas oare Fryske eilannen, ûnder ynfloed fan de Noardsee en Waadsee, hieltiid fan foarm. Om't de wettelike grinzen fan de gemeente, en fan de provinsje, útgongen fan de lytste omfang, lei om 2000 hinne de eastpunt fan it hjoeddeiske, gruttere eilân yn Grinslân, yn de gemeente Iemsmûn. Op 1 jannewaris 2006 is de grins dêrom oanpast, dat dy no troch de Eilannerbalch rint. Op himsels wie it in foardiel om dúdlikens te hawwen oer de ferantwurdlikens oer it eilân, bygelyks by rampbestriding. Lykwols moast de provinsje Fryslân foar de 0,7 km2 lân- en 7 km2 wettergebiet 274.000 euro oan Grinslân betelje, en de gemeente Skiermûnseach nochris 23.000 euro oan Iemsmûning. Dat hie der mei te krijen dat de ferdieling fan it gemeentefûns en fan it provinsjefûns beide basearre binne op gebiet. De lizzing fan it eilân sil no alle tsien jier op 'e nij besjoen wurde.
Skiermûntseach hat ien persoan dy't folslein ferantwurdlik is foar de hiele wetterketen op it eilân, sa wol foar it drinkwetterbedriuw en Wetterskip Fryslân. De meiwurker hâldt tafersjoch op de drinkwetterproduksje, it suverjen fan ôffalwetter, it peilbehear en de dykbewaking. Yn 2010 is it drinkwetterbedriuw renovearre. It bedriuw kin maksimaal 60.000 liter drinkwetter yn de oere produsearje. Dêrneist kin der op it eilân 300 kubike meter drinkwetter opslein wurde.
[bewurkje seksje] Plakken
It ienichste doarp op it eilân is Easterbuorren, meastal allinnich "it doarp" neamd om't Westerbuorren yn 1719 troch it wanneljen fan it eilân ferlern gien is.
[bewurkje seksje] Skiednis
It eilân waard foarme nei de Wettersneed fan 1287.
It eilân hjit nei de Skiere Muontsen fan it Kleaster Klaarkamp, by Rinsumageast. Yn 1440 wurdt de namme Skiermûntseach foar it earst neamd yn akte (fan Philips fan Bourgondje). It wie yn de Midsieuwen yn besit fan dat kleaster en in part fan de mûntsen wenne op it eilân. Yn 1580 waard Fryslân protestantsk, en dêrtroch waard Skiermûntseach eigendom fan de provinsje.
Om't de provinsje te min jild hie waard it eilân yn 1638 ferkocht, en fan 1640 oant 1859 wie it yn it besit fan de famylje Stachouwer. Yn 1859 waard it koft troch John Eric Banck, dy't in nije waaddyk oanlei en helm plante tsjin it stosân.
Yn 1893 waard it eilân ferkocht oan de Dútske greve Hartwig Arthur von Bernstorff-Wehningen, dy't der nullebeammen plante as produksjebosk. Nei de Twadde Wrâldkriich is it as fijannich kaptaal oan Nederlân kaam. Greve Bechtold Eugen von Bernstorff hat yn 1964 noch besocht it eilân werom te krijen, mar moast it yn 1983 dwaan mei in skeafergoeding fan mar 80.000 Dútske Marken.
[bewurkje seksje] Wassermann
De Wassermann is in 27 meter lange bunker noardeast fan it doarp. De ± 1943 boude Marineflakbatterie-bunker wie part fan de Atlantikwall, in ferdigeningsliny fan de Dútsers yn de Twadde Wrâldkriich.
[bewurkje seksje] Taal
Op Skiermûntseach wurdt in dialekt fan it Frysk sprutsen. It Skiermûntseagersk Frysk wykt sa'n soad ôf fan de fêstewâldialekten dat oare Friezen it net maklik ferstean kinne.
Troch tanimmende ynfloeden fan bûtenút (ûnder oare fan it toerisme) waard it dialekt stadichoan ferkrongen troch it Frysk en it Nederlânsk. Op it heden binne der noch mar in hûndert minsken dy't it dialekt praten kinne. Hja neame har eilân "Lytje Pole", dat letterlik betsjut 'Lytse Poalle' (lyts stikje grûn).
[bewurkje seksje] Folkloare
Om Pinkster hinne wurdt Kallemoai fierd, in feest dat allinnich noch op Skiermûntseach foarkomt.[1][2] Op en om 5 desimber wurdt Klozem fierd.[3]
[bewurkje seksje] Gallery
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- Fryske doarpen
- Fryske gemeenten
- List fan boargemasters Skiermûntseach
- List fan bylden op Skiermûntseach
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- Webstee fan de gemeente
- In pear gedichten yn it Skiermûntseagersk fan Jacob Veninga op Tresoar.
- Webkrante "Nieuwsgiertje" fan Skiermûntseach
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
| Gemeenten yn de Provinsje Fryslân | |
|---|---|
| Achtkarspelen | It Amelân | It Bilt | Boarnsterhim | Dantumadiel | Dongeradiel | Eaststellingwerf | Ferwerderadiel | Flylân | Frjentsjerteradiel | Gaasterlân-Sleat | Harns | It Hearrenfean | Kollumerlân en Nijkrúslân | Lemsterlân | Littenseradiel | Ljouwert | Ljouwerteradiel | Menameradiel | Opsterlân | Skarsterlân | Skiermûntseach | Skylge | Smellingerlân | Súdwest-Fryslân | Tytsjerksteradiel | Weststellingwerf |
|
| wizigje | |
|
|
|---|
|
Westfryske eilannen: |
strony internetowe częstochowa tanie meble katowice mieszkanie lublin Zakup z dotacji Winmar pomaga w realizacji i wycen kołnierze
