Skiednis fan de Friezen
| Skiednis fan Fryslân |
|
Skiednis fan Fryslân Fryslân yn de midsieuwen Dieling nei de midsieuwen Hjoed |
De Skiednis fan de Friezen is it ferhaal fan it folk fan de Friezen, in Germaansk folk dat eartiids it kustgebiet bewenne fan it hjoeddeiske Nederlân, fan it Swin yn Belgje oant en mei de Weser yn Dútslân. Ek it noardlike kustgebiet tusken Noard-Dútslân en Denemark waard troch harren bewenne.
[bewurkje seksje] Romeinske tiid
De Friezen setten har yn Frisia om 500 foar Kristus. Neffens Plinius de Jongere, libben de Friezen (of misskien harren buorren de Sjauken) yn de Romeinske tiid op terpen. Neffens oare boarnen, libben de Friezen lâns in brede streek oan de Noardsee, doe Mare Frisicum neamd yn dy tiid.
Frisia bestie yn dy tiid út de hjoeddeiske provinsjes Fryslân en Noard-Hollân.
[bewurkje seksje] Prinsdom East-Fryslân
Yn 'e rin fan de 14e ieu kaam it Upstalbeam-ferbân oan 'e ein. Dit hie te krijen mei ûnder oaren de pest en stoarmfloeden. Yn East-Fryslân krigen wichtige famyljes de kâns om yn hearskippijsysteem yn te fieren, dêr't haadlingen, "hovedlinge", de sizzenskip krigen oer beskate gebieten. Der wie net in feodaal systeem, dat de ynwenners wienen frij om krityk te uterjen en wienen noch hieltyd frije minsken. Yn 1654 waard Enno Ludwig de earste prins fan East-Fryslân. It prinsdom East-Fryslân kaam yn 1744 by Prusen.
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
wiatrowki-shop.opole.pl Dlaczego opłaca się brać w leasing sprzęt fotograf power breaker fotografia z powietrza Ekstraklasa typy