Sije - Wikipedy

Sije

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
F.l.n.r.: Alex, Lineke, Simon, Sjerry en drummer Rene.
Sije

Sije is in Fryske band út Eastermar.

De band bestiet at jierren en spilet tige fariearde muzyk, ek wol “veel'sije(g)” neamd en is foarme om de sjonger/gitarist Simon (Sije) Dijkstra. De fiif 'bendeleden' (sa't se harsels neame) binne fierders Alex Tienstra ( sologitaar ) en syn broer Rene Tienstra ( drums/perkusje ) en Sjerry Kwast ( basgitaar/sang ). Lineke Renkema kaam yn 2009 as sjongster by Sije, der't hja in bysûnder plak ynnaam tusken de "âlde rotten" fan de bend. Simon wie earder aktyf yn it duo "Simon en Skelte" en yn 2010 noch yn "Simon en Alex" ( Alex Tienstra ).

Sije debutearre yn 1999 op it 22e Tsjoch-festival. It repertwaar fan Sije bestiet benammen út bewurke Ingelske covers yn pop-rock(and roll), funky en-reggae styl. Dêrneist spylje se ek eigen wurk. Der wurdt Frysk en Ingelsk songen. Fermaak en spontanens stiet altyd foarop, it is stevige muzyk mei in knypeach nei it publyk.

Yn 2010 besleat sjongster Lineke om de band te ferlitten. Wat oerbleau fan de band giet troch, mar dan mei har fjouweren, sa't it eartiids wie. Sûnt 2011 is der wer in fiifde bandlid by. Syn namme is Jaap Dorhout dy't Toetsen /Keyboard spilet.

[bewurkje seksje] Diskografy

  • Famke út De Peen (2006)

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

[bewurkje seksje] Keppeling om utens



Nie musisz wydawać całej gotówki aby cieszyć się n kawa ziarnista pokoje kazimierz dolny wynajem mieszkań Wrocław meble łazienkowe