Saksentiid - Wikipedy

Saksentiid

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Saksyske tiid")
Gean nei: navigaasje, sykje
Skieringers yn Medemblik freechje hartoch Albrecht om beskerming yn maart 1498 (Julius Scholz (1825-1893)

Saksentiid wie it tiidrek tusken 1498 oant 1515 doe't Fryslân te krijen hie mei in grut oantal Dútske gesachsdragers en heege amtners en de ynfiering fan it Dútsk as offisjele bestjoerstaal.

Under it Saksysk bewâld hienen de Friezen te krijen mei:

[bewurkje seksje] Skiednis

Yn de 14e en 15e ieu wie Fryslân te proai fallen oan partijtwisten tusken de Skieringers en Fetkeapers. Op de ein fan de 15e ieu like it derop dat de Fetkeapers it pleit winne soenen mei stipe fan Grins. De Skieringers stienen mei de rêch tsjin de muorre en keazen doe in potestaat Juw Dekama dy't lykwols op eigen krêft Fryslân net ûnder kontrôle krije koe. Hy fersiket dêrom yn 1498 oft Albrecht fan Saksen it bestjoer oer te nimmen. In Skieringer ôffurdiging reizget nei Medemblik, dêr't sy yn maart dat jier Albrecht erkenden as 'hear fan Westergoa yn Fryslân', op betinkste dat er nammens it it Ryk beneamd wurde soe as steedhâlder, oars koe der wer ôfsetten wurde; dizze ôfspraak waard bekrêftige by it Ferdrach fan Snits op 30 april 1498[1].

Troch Albrecht waard foar koarte tiid de rust yn Fryslân werstelle, hy frege dêr lykwols in hege priis foar. De keizer, Maksimiliaan, stie foar grutte bedragen by Albrecht yn it kriit. Om syn ferplichtingen foldwaan te kinnen beneamde hy Albrecht as erflik gubernator en potestaat nammers de Roomske kening fan it Hillige Roomske Ryk oer de gebieten Eastergoa, Westergoa, Sânwâlden, de Stellingwerven, de Ommelannen, Dithmarschen en Noard-Fryslân (20 july 1498)[2]. Letter waarden hjir noch East-Fryslân, de stêd Grins en Butjadingen oan tafoege (27 maart 1499)[3].

Albrecht soe der nea yn slagge om syn bewâld yn alle dizze gebieten út te oefenjen, hy krige inkeld it lân westlik fan de Lauwers fêst yn hannen. Hjir set er in nij bestjoersapparaat op poaten mei it Dútske as offisjele taal. Dizze feroaring soe in grutte tebeksetting wurde foar de Frysk taal en in ein meitsje oan it brûken fan it Frysk yn it offisjele ferkear.

[bewurkje seksje] Ein

Op 19 maaie 1515 die George fan Saksen ôfstân fan Fryslân. Hy ferkocht it foar de prys fan f. 100.000,-- oan Karel V.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fuotnoat:

  1. Johan Frieswijk e.a., Fryslân, staat en macht 1450-1650: bijdragen aan het historisch congres te Leeuwarden van 3 tot 5 juni 1998 (Hilfersom 1999) 90. Uitgeverij Verloren.
  2. Frieswijk e.a., Fryslân, 92
  3. Frieswijk e.a., Fryslân, 93



Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.




Katalog reiki dystrybutor wody wiadomosci tanie domeny opony całoroczne