Poptaslot
It Poptaslot, earder Azingastate en Heringastate, yn Marsum waard om-ende-by 1500 stifte troch de Heringa’s. Yn 1631 is it wiid fiemjend ferboud wurden. It ynterieur is noch meubilearre en ynrjochte yn de styl fan de 17e en 18e ieu. It slot is as museum te besjen. Op'e boppeste ferdjipping binne noch twa moai bewurke ikehouten bedsteeën fan om 1540 hinne.
Yn 1687 waard it koft troch Dr. Henricus Popta, dy der nei syn dea yn 1712 in gasthûs iepene, dêr’t earmlêstige froulju soargeleas har âlde dei slite koene.
Fan 1840 oant 1845 waarden de tunen fan it Poptslot op 'e nij oanlein, neffens in ûntwerp fan Lucas Pieters Roodbaard. Dy tún is der lykwols net mear. Yn de jierren 1906 oant 1908 waard it slot restaurearre en ferboud troch J. Frowein en doe is ek de styl fan de tunen wer feroare.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|
zap-3 cyfrowe kamery loft conversion london spa sprzątanie biur Kraków