Oebele Vries
Ut Wikipedy
Oebele Vries (Westergeast, 19 maaie 1947)[1] is in wittenskipper en universitêr dosint oan de Ryksuniversiteit Grins, hy jout dêr les oan de Stúdzje Fryske Taal en Kultuer.
Yn 2009 kaam De Vries yn it nijs troch it ûntdekken fan it Stellingwerfske Lânrjocht yn it gemeente-argyf fan Arnhim. Ek yn 2009 krige De Vries de dr. Joast Halbertsmapriis, foar syn wurk op it mêd fan de Fryske skiednis, de Fryske taalskiednis en de Aldfryske filology.[2]
[bewurkje seksje] Wurk
- Het Heilige Roomse Rijk en de Friese vrijheid, proefskrift. Uitgeverij De Tille-Leeuwarden, 1986
- Asega is it dingtiid?, De hichtepunten fan de Aldfryske tekstoerlevering, Utjouwerij Bornmeer, 2007
- Boer Gerben Feitsma, portret fan in Frysk NSB-boargemaster, Utjouwerij Bornmeer, 2008
- Bernardus Bucho Aytta fan Swichum, Utjouwerij Bornmeer, 2009.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
sejfy Aplikacje na Androida gry kserokopiarki kolorowe menuet.wroclaw.pl