Martenastate - Wikipedy

Martenastate

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It âlde Martenastate wie in state yn Koarnjum. It waard yn 'e 15e en 16e ieu bewenne troch de Martena's, in wichtige aadlike famylje. It hûs waard letter eigendom fan de Vegelin van Claerbergen-famylje. De lêste bewenner wie Duco Martena fan Burmania Vegelin fan Claerbergen. Hy joech it hûs oan de tsjerke fan Koarnjum. De âlde state waard yn 1899 ôfbrutsen.

It nije Martenastate waard ûntworpen troch de Ljouwerter arsjitekt W.C. de Groot. It gebou stiet op in eilân yn 'e slotgrêft. It hûs hat aardige trepgevels en liuwen op 'e toer. Eat wat de oandacht lûkt is de sipel boppe op 'e toer.

[bewurkje seksje] Terrein

Njirrewoartel

It 4,5 bunder grutte park om de state is ien foan de rykste stinzentunen fan Fryslân. Yn de maitiid binne hjir ûnder mear Haarlimmer klokkespul, bosktulp, holwoartel, fingerhelmblom, blêdlok, giele anemoan, njirrewoartel en de boerekrokus te bewûnderjen. It behear fan it bûten wurdt dien troch It Fryske Gea.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens



vestil piotrków dekoracje program kosztorysowy rodhouckpresents.com wycena nieruchomości kraków