J.R.R. Tolkien - Wikipedy

J.R.R. Tolkien

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
J.R.R. Tolkien yn 1916

John Ronald Reuel Tolkien (Bloemfontein, 3 jannewaris 1892Oxford, 2 septimber 1973) wie heechlearaar Angelsaksysk en Ingelske taal en letterkunde oan de Universiteit fan Oxford. Hy is foaral ferneamd wurden troch syn boeken The Hobbit (De hobbit) en Lord of the Rings (Hear fan de Ringen), dy't spylje yn de fantasijwrâld Midden-Ierde.

[bewurkje seksje] Libben

J.R.R. Tolkien is berne yn Bloemfontein yn Súd-Afrika. Hy ferlear syn âlden al op jonge leeftyd. Syn heit doe't er krekt fjouwer jier âld wie en syn mem op tolf jierrige leeftyd oan diabetes. Neidat hy wees wurden wie moete hy Edith Bratt. Hy waard fereale en troude mei har. Letter stie sy model foar Luthien.

Tolkien tsjinne yn de Earste Wrâldkriich yn it Britske leger. Yn de rin fan de oarloch seach er hoe in tal fan syn meistriders en neiste freonen it libben derby ynskeaten. Sels kaam er telâne yn in militêr sikehûs, wylst er te lijen hie fan rinfuorgekoarts (trench fever). Under it opbetterjen begûn er mei it skriuwen fan in rige mearkes basearre op syn stúdzje nei mytology en folkloare, dy't hy The Book of Lost Tales neamde. Kenners fan syn wurk sizze dat de oarloch syn wurk beynfloede hat. Hy seach de fantasij as in útflecht oan de realiteit fan fabriken, masines, gewearen en bommen fan de tweintichste ieu.

Nei de oarloch hat Tolkien koart wurke by The Oxford English Dictionary, mar al gau waard er prefester Ingelsk yn Leeds, en yn 1925 prefester Angel-Saksysk yn Oxford. Nei de Twadde Wrâldkriich waard er prefester Ingelske taal en literatuer.

20 Northmoor Road, eardere hûs fan J.R.R. Tolkien yn Oxford.

Tolkien hie nea tocht dat syn boeken populêr wurde soene by it grutte publyk. Hy makke de wrâld fan Midden-Ierde (Middle-earth) as ferklearring foar de elvetalen dy't hy ûntworpen hie. Yn 1937 publisearre hy The Hobbit, in boek dat hy foar syn eigen bern skreaun hie. Hoewol it foar bern bedoeld wie waard it boek ek lêzen troch folwoeksenen. It waard sa populêr dat de útjouwer (Allen & Unwin) oan Tolkien frege in ferfolch te skriuwen.

Dat sette him oan ta it skriuwen fan syn ferneamdste wurk, it epyske Lord of the Rings. Tolkien hat dêr tsien jier oan wurke en it waard yn 1954-1955 publisearre yn trije dielen. Dy opdieling wie lykwols op oantrunen fan de útjouwer; Tolkien hie it as ien lang ferhaal skrean. Hoewol it in ferfolch wie op The Hobbit, wie it skrean foar in âlder publyk. De Lord of the Rings waard tige populêr ûnder studinten yn de jierren '60 fan de 20e ieu en is sûnt dy tiid populêr bleaun. It boek is yn in protte talen oerset, mar noch net yn it Frysk. De trije films dy't der fan makke binne, hawwe miljoenen nei de bioskoop lutsen.

Tolkien gong yn 1959 mei pinsjoen. Hy ferstoar op 2 septimber 1973 yn Oxford. Op de grêfstienen fan Edith en Ronald stiet "Lúthien" en "Beren", nei it ferhaal fan Tolkien. Yn Eastbourne yn East Sussex is in Tolkien Road ferneamd nei Ronald Tolkien, en ek is der in astroïde 2675 Tolkien.

[bewurkje seksje] Bibliografy

Greve fan Edith († 29 novimber 1971) en J.R.R. Tolkien († 2 septimber 1973), Wolvercote Cemetery yn Oxford
  • Publisearre tidens syn libben
    • 1937 De Hobbit
    • 1945 Leaf by Niggle (koart ferhaal)
    • 1947 Tree and Leaf (essay)
    • 1949 Farmer Giles of Ham
    • 1954 The Fellowship of the Ring, part 1 fan The Lord of the Rings
    • 1954 The Two Towers, part 2 fan The Lord of the Rings
    • 1955 The Return of the King, part 3 fan The Lord of the Rings
    • 1962 The Adventures of Tom Bombadil and Other Verses from the Red Book
    • 1964 Tree and Leaf (On Fairy-Stories)
    • 1966 The Homecoming of Beorhtnoth
    • 1967 Smith of Wootton Major
  • Net-Midden Ierde materiaal publisearre nei syn dea
    • 1976 The Father Christmas Letters
    • 1982 Mr. Bliss
    • 1998 Roverandom
  • Publisearre troch syn soan Christopher Tolkien
    • 1975 Sir Gawain and the Green Knight, Pearl, Sir Orfeo
    • 1977 De Silmarillion
    • 1980 Unfinished Tales
    • 1981 The Letters of J. R. R. Tolkien
    • 1983 The Monsters and the Critics (essays)
    • 2007 The Children of Húrin
    • 2009 The Legend of Sigurd and Gudrún
  • De rige The History of Middle-Earth
    • 1983 The Book of Lost Tales 1
    • 1984 The Book of Lost Tales 2
    • 1985 The Lays of Beleriand
    • 1986 The Shaping of Middle-Earth
    • 1987 The Lost Road and Other Writings
    • 1988 The Return of the Shadow (The History of The Lord of the Rings v.1)
    • 1989 The Treason of Isengard (The History of The Lord of the Rings v.2)
    • 1990 The War of the Ring (The History of The Lord of the Rings v.3)
    • 1992 Sauron Defeated (The History of The Lord of the Rings v.4)
    • 1993 Morgoth's Ring (The Later Silmarillion v.1)
    • 1994 The War of the Jewels (The Later Silmarillion v.2)
    • 1996 The Peoples of Middle-earth

[bewurkje seksje] Keppelings om utens



snowboard używany ogłoszenia Praktyk NLP lokaty ing pochodzenie rodziny