Heremastate (De Jouwer) - Wikipedy

Heremastate (De Jouwer)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Heremastate
Heremastate
Oranjery
Muzyktinte
De Bult by Heremastate

Heremastate is in state op De Jouwer en wurdt as gemeentehûs fan Skarsterlân brûkt.

Foar 1581 stie op itselde stee in stins, mar dy is dat jier sloopt. Yn 1589 waard it nije Herema State bewenne troch Willem Loadewyk fan Nassau. Hy liet dêr in skâns opsmite tsjin de Spanjerts. Fan dat gebou is ek neat mear oer, troch ferbouwings en sloop yn de 16e en 17e ieu.

Yn de 17e ieu wie it hearehûs Heremastate eigendom fan de famylje Van Baerdt, grytmannen fan Haskerlân, dêr't De Jouwer eartiids it haadplak wie. Yn 1679 waard it koft troch Hessel Vegelin van Claerbergen, de earste grytman fan Haskerlân út dy famylje. Om 1700 hinne waard it âldste diel fan it gebou ôfbrutsen en ferfongen troch de Grutte of Blauwe Seal. By in ferbouwing yn 1924, nei in ûntwerp fan arsjitekt A. Baart sr., is fan it âldere gebou hast allinnich de seal út 1700 yn Louis XIV–styl bewarre bleaun. De famylje hat hast sûnder ûnderbrekkings wenne op Heremastate, oant it yn 1940, it nei de dea fan jonker P.B.J. Vegelin van Claerbergen, oan de gemeente ferkoft waard.

Sûnt 1950 wurdt de state brûkt as gemeentehûs, earst foar de gemeente Haskerlân en nei de gemeentlike weryndieling foar de gemeente Skarsterlân. Derfoar is letter in nij gemeentehûs boud yn nijer boumateriaal.

[bewurkje seksje] Oranjery

De Oranjery is yn 1891 boud as winterberging foar de 'oranje planten' fan Heremastate. Yn 1910 skonk de famylje de oranjery oan sanatoarium Beatrixoard, wêrnei't dy brûkt waard as 'sinnelishal' foar tbc-pasjinten. Yn 1908 waard it monumintale pân oanpast foar it Folkssanatoarium. Yn 1997 hat de gemeente de Oranjery ferkocht en waard it ferboud ta Grand Café.

[bewurkje seksje] Tún

De tún fan Heremastate, it hjoeddeiske park, waard yn de 17e ieu oanlein as de earste step ta de bou fan in monumintale state. Dy gruttere state is der sels lykwols nea kaam. By de oanlis yn Ingelske lânskipsstyl yn de 18e ieu hat de tún in grutte ierden hichte krigen, fan "goed 40 foet". Hjirop stie yn 1786 in simmerhûs mei leaden tek, mei in moai útsicht oer de omkriten. Dit simmerhûs is letter wer ferdwûn, mar de hichte leit noch altiten yn it park. Ek wienen der yn de tún paden mei fruchtbeammen. Yn de earste helte fan de 18e ieu hat Philip Frederik Vegelin van Claerbergen der as earste yn Nederlân ierpels plante, dy't doe noch as sierplante gouwen.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens



międzynarodowy przewóz zwłok zdrowe odzywanie katalog stron Michael O'Brien tanie domeny