Haskerlân
Haskerlân (Haskerland) wie in eardere gemeente yn it suden fan Fryslân, mei 11.070 ynwenners (1 jannewaris 1958) en in gebiet fan 95,94 km².
De namme Haskerlân ferwiist oarspronklik nei haske of heesc: in gerssoarte. In populêre ferklearring ûnder de befolking wie lykwols dat it fan it wurd hazze komme soe.
Yn 1934 rekke de gemeente in stik lân ten easten fan it hjoeddeiske Nijehaske kwyt oan de dan nij te foarmjen gemeente It Hearrenfean. It plakje It Hearrenfean wie nammentlik grut wurden en oer de grinzen fan trije gemeentes groeid. Haskerlânsk buorgemeente Skoatterlân gie foar it meastepart op yn dizze nije gemeente. Mar it westlike diel fan dy gemeente, mei de doarpen Dolsterhuzen, Reahel, Rotsterhaule, Rottum en Sint Jansgea, waard by Haskerlân foege.
By de gemeentlike weryndieling fan 1984 is Haskerlân opgongen yn de nije gemeente Skarsterlân, útsein Dolsterhuzen, dat by Lemsterlân kaam is.
[bewurkje seksje] Plakken (1983)
De gemeente Haskerlân hie trettjin doarpen. It haadplak wie De Jouwer.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
Wrocław praca pozycjonowanie gorzow lokaty ranking 2010 Scott Hahn grunty inwestycyjne