Greefskip Mid-Fryslân
Greefskip Mid-Fryslân is de namme dêr't skiedskriuwers it gebiet mei oantsjutte dat yn de 11e ieu troch it laach fan de Brunoanen bestjoerd waard en bestie út de Fryske goaen Eastergoa, Westergoa en Sudergoa. Steatkundich hearde it gebiet by it Hillige Roomske Ryk en wienen de Fryske greven lienman fan de Dútske keizer.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Untstean
Yn 1006 krijt Liudolf fan Brunswyk sizzenskip oer de Fryske greefskippen. Op hokker wize dat plak fûn hat net mear wis. Nei alle gedachten waarden de goaën fan de Hollânske greven mei geweld ôfhandich makke.
[bewurkje seksje] Gebiet
Mid-Fryslân hat fjouwer greven hân, dy't tagelyk greve fan Brunswyk wienen en sadwaande Brunoanen neamd wurde. Harren gebiet wie ynearsten gearstald út de goaën Sudergoa (ek wol it greefskip Starum neamd), Eastergoa en Westergoa; fierders hienen de Brunoanen ek it Iselgoa yn besit. Letter krigen de Mid-Fryske greven ek de rjochten oer de Grinslanner goaën Hunzegoa en Fivelgoa derby. Omdat harren hiele amtsgebiet yn dizze tiid tusken de geografyske gebieten West-Fryslân en East-Fryslân lei, wurdt tsjintwurdich sein fan 'Mid-Fryslân'.
[bewurkje seksje] It Greeflik bewâld
In grut part fan de 11e ieu wie it Greeflik bewâld yn Mid-Fryslân stiif ferankere, sa't bliken docht út de sulveren munten mei greeflike ôfbyldingen dy't fûn binne. Dizze munten waarden ûnder oaren slein yn Starum, Boalsert, Ljouwert en Dokkum. De munten binne op in protte plakken fûn en meastentiids yn grutte oantallen.
De greeflike rjochten wiene yn hannen kaam fan foarsten waans machtssintrum fier fan Mid-Fryslân wei lei, yn Brunswyk. In wichtich part fan dizze rjochten hat út rjochtspraak bestean. Hjirfoar betsjinne de greven harren fan amtners dy't mei de namme skelta oantsjutte waarden. Dêrneist hiene sy rjocht op muntslach, aksynzen, boeten e.d.. Twa greeflike tollen binne bekend, nammentlik te Starum en Dokkum. Ut de sânde kêst blykt dat de Dútske keizer rjocht hie op in skatting út it Fryske lân, de saneamde "Huslota" of "Huslaga". De ynnimt dêrfan wie opdragen oan de skelta's, wylst de Fryske greve belêste wie mei de ôfdracht.[1]
Keizer Hindrik IV joech Mid-Fryslân yn 1088 (sûnder oerlis mei de Fryske greve) oer oan de biskop fan Utert. Dat wie tsjin it sin fan greve Egbert II, dy't tsjin keizer Hindrik IV (syn neef) yn opstân kaam. Nei Egberts dea yn 1090 folge Hindrik fan Northeim (de Fette) him op as greve fan Mid-Fryslân. Hindrik de Fette waard op 10 april 1101 fermoarde troch Friezen dy't ûnder lieding stienen fan de biskop fan Utert. Mei de dea fan dizze greve einiget it tiidrek fan de greven en set it tiidrek fan de Fryske frijheid útein, dêr't de Friezen harren sa goed as selsstannich yn bestjoere, nettsjinsteande oanspraken fan Hollân en Utert op it gebiet.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Literatuer:
Fuotnoat:
|
typy bukmacherskie długopisy reklamowe kurtki quicksilver międzynarodowy transport zwłok link