Ferbean
Ut Wikipedy
Ferbean, offisjeel ‘Duo Ferbean', is in Fryske muzykformaasje besteande út Bertus Klazinga fan Feanwâlden. en Anko Bouma fan Warten. De formaasje begûn yn 1999 en stiet bekend om harren dûbelsinnige teksten. Ferbean makket gebrûk fan in ferskaat oan muzykstilen, lykas 'rock&roll’ en ‘shanty’. Se songe benammen twastimmige, humoristyske lietsjes en begeleide harsels op gitaar, ukelele, mûleharmoanika, tamboerijn, strykplanke, 'waskbortaar' en kokosnuten.
It duo besjongt in protte maatskiplike problemen. Harren earste optreden wie yn 1999 op it muzykfestival Tsjong yn Aldegea. Bouma en Klazinga wurken mei oan in cd fan Nanne en Ankie.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Diskografy
[bewurkje seksje] Albums
[bewurkje seksje] Singels
- Lik op stik (2002)
[bewurkje seksje] Ferneamde nûmers
- Lik op stik
- Hynstetemmer
- Fryske Diken
Ek stiet Ferbean op inkele Fryske sammel skiven:
- Fryslân muzyklân 5 (in sammelskiif fan Fryske artysten)
- Frysk hit festival, part 3 (2005; in sammelskiif fan Fryske artysten)
- It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân 2
tanie długopisy fast personal loans plażowe fale loreal angielski wrocław lampy stojące