Dekemastate (Jelsum)
De Dekemastate is in state yn Jelsum. De namme komt út de 16e ieu, doe't in famylje mei de namme Dekema de state bewenne. It bestean fan it gebou is lykwols folle âlder en hat ek de nammen Fetsastate en Camstrastate hân. De skreaune skiednis begjint mei de fermelding yn in oarkonde út 1486. Troch ûndersyk hat bliken dien dat der yn de 13e ieu al in ferdigenbere stins stie op it plak fan it hjoeddeiske gebou.
Oan Dekemastate is as mei-eigener Piter Dekema ferbûn. In oare bekende bewenner is J.H.J.van Wageningen thoe Dekema west.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Bewenners
[bewurkje seksje] De Cam(p)stra's
De earste bewenners dêr't de namme fan bekend is, binne Piter fan Cam(p)stra en Syts Lousma, mei harren soan Rienk Camstra. Fan dy famylje wurdt wol tocht dat sy oarspronklik út Weidum kamen. Letter fine wy se ek yn Wurdum en Jelsum. De Camstra's wienen foaroansteande Skieringers. Boppedat hienen se besit yn de klokslach fan Ljouwert. Mar yn de stêd hienen se neat te sizzen. Boppedat stie Ljouwert oan de kant fan de Fetkeapers. As kriichshearen hawwe de Campstra's der alles oan dien om de macht yn Ljouwert oer te nimmen. Bekend is dat in Camstra yn 1498 op Goed Freed in oanfal op Ljouwert dien hat. Dêr hat er tige húsholden.
[bewurkje seksje] De Dekema's
Hoewol't de Dekama's harren namme oan de state jûn hawwe, hat dy net sa hiel lang harren besit west. Om't de Dekema's útstoarn binne, hawwe der mear famyljes eigener fan de state west. Uteinlik kaam it yn besit fan de van Wageningen, mei't de frou fan Gerardus van Wageningen Dekemastate by lotting erfde. It pear is der yn 1791 wenjen gien.
[bewurkje seksje] Van Wageningen
De lêste famylje dy't Dekemastate bewenne, hat de famylje Van Wageningen west, hja wennen fan 1791 oant 1996 op de state. It besit fan Dekamastate is dêrnei oerdroegen oan it Old Burger Weeshûs te Ljouwert.
[bewurkje seksje] Museum & restauraasje
De stifting Old Burger Weeshûs is noch hieltyd dwaande mei de restauraasje. Troch har is Dekemastate no iepensteld as museum. Earder al, yn 1814, is de boppeferdjipping fan de stins ôfhelle, dêrtroch hat it gebou in wat lânhûseftich oansjen krigen.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
krem przeciwzmarszczkowy 35 nieruchomosci Kraków wynajem kontenerów lokaty bez podatku mieszkanie do wynajęcia Wrocław