De Kast - Wikipedy

De Kast

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Kast wie in Fryske band dy't foaral Nederlânsktalige popmuzyk makke. Harren grutste sukses wie lykwols yn 1997 doe't se bekend waarden mei it Frysktalige nûmer In nije dei. Dit nûmer wie filmmuzyk út de Frysktalige spylfilm De Gouden Swipe. Yn itselde jier wûn De Kast ek de Fryske Poppriis. Yn 1998 wûnen se de Edison foar de bêste Nederlânske groep.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Alde Kast

De Kast kaam yn 1992 fuort út de eardere groep Wish to Escape.

Oarspronkelike besetting:

Op 21 desimber 2002 joech De Kast it lêste konsert yn de âlde besetting yn de Amsterdam ArenA. Syb van der Ploeg en Nico Outhuyse giene hjirnei fierder mei in nije Ingelsktalige rockgroep Spanner.

[bewurkje seksje] Ein

Op 21 desimber 2002 jout De Kast it lêste konsert yn de Amsterdam ArenA. Syb van der Ploeg en Nico Outhuyse geane fierder mei in nije Ingelsktalige rockgroep neamd Spanner.

Yn jannewaris 2003 kamen Jan Tekstra as sjonger en Fokke de Jong as drummer by de oerbleaune leden fan De Kast. Sûnt oktober 2003 hat de groep dan de namme De Nije Kast. Yn jannewaris 2004 waard de namme wer feroare nei De Kast. Om de minne plateferkeap waard besletten wer op te hâlden mei De Kast. Op 4 july 2004 jûch De Kast in ôfskiedsoptreden yn Riis.

[bewurkje seksje] Nije Kast

De Kast gong yn jannewaris 2003 fierder mei Jan Tekstra as sjonger en Fokke de Jong as drummer. Fan oktober 2003 oant jannewaris 2004 neamde de band him De Nije Kast, om oan te jaan dat hja net mear deselde groep wienen as dêrfoar, mar de platemaatskippijen retten harren de âlde namme wer te brûken. Troch de teloarstellende plateferkeap, en de oanhâldene ferlikings mei de âlde besettings besleat de groep der mei op te hâlden. Op 4 july 2004 joech De Kast syn ôfskiedsoptreden yn de Teatertún yn Riis.

[bewurkje seksje] Reuny

Op 10 novimber 2006 hat De Kast noch ien kear optreden, by de Fryske Music Night yn Ljouwert.



link private equity buyout muzyka.moja-firma.info zbior-informacji.sanok.pl faktury.podlasie.pl