Crackstate
Crackstate waard oprjochte troch grytman Hyppolytus Roelofs Crack yn 1608.
Yn likernôch 1648 hat Johannes Sytzes Crack,grytman van Aengwirden in nij hûs delsette litten, mar it is al sa dat parten fan it âlde gebou dêrby opnaam binnenyn it nije. Crackstate is boud yn de betide en strange barokke styl fan Fryslân. De ûntwerper, Willem de Keyser. hat it lykwols ek Amsterdamske ynfloeden meijûn.
Om it gebou rint in grêft. De brêge oer de grêft om de stins komt, lykas oanjûn op de ynmitsele stien, út 1755. De poarte foar de brêge komt út de buert fan Hoarn en hat as jiertal 1819.
It pân waard yn 1833 ferkoft oan it Ryk en ferboud ta rjochtbank en finzenis. Mear as in ieu hat it in ""Rjochtbank fan earste oanlis" en in "Hûs fan Arrest" (finzenis) west. Doe't de rjochtbank yn 1923 opheft waard, bleau de kantonrjochter (de eartiidske Frederjochter) yn Crackstate sitting hâlde. Yn de Twade Wrâldoarloch oefene de besetter in wier skrikbewâld út yn de finzenis. Mear as sechtich Nederlanners oerlibben har ferbliuw yn de finzenis net. De gemeente It Hearrenfean hat it gebou sûnt 1949 yn besit en brûkt it sûnt 1952 as gemeentehûs.
Yn 1962 kaam der in klokkespul mei 37 klokken yn de koepel. Yn 1985 is it kariljon revisearre en binne de santjin klokken ferfongen. De Stichting Crackstate beheart it carillon dat mei de hân en meganisysk bespile wurde kin. Crakstate hat in toer mei in koepeltsje, dat wierskynlik as útsjochpost brûkt waard.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
lampy ogrodowe rajstopy tiffany mieszkania do wynajęcia Wrocław miasteczko south park instant loans