Bricquebec (band) - Wikipedy

Bricquebec (band)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bricquebec

Bricquebec is in Fryske rockband út Bakkefean. De wâldrockband makke sûnt 1986 lûde Fryske muzyk mar ek akoestyske nûmers. De eardere bassist, Errit de Vries, seach yn syn fakânsje yn Normandje it komboerd fan it plak Bricquebec. Troch it op syn Frysk út te sprekken ûntstie de bandnamme.

Yn 1992 wie de besetting Marius Bamberger (fretleaze bas en sang), Bowe van der Wal (solo-, slachgitaar en sang), Jaap Louwes (sang en mûleoargel), Johan Boxem (drums en sang) en Bert van Manen (slachgitaar en sang). Jaap Louwes en Bert van Manen ferlieten de band yn itselde jier. Else van der Greft en Gert Scheffer namen harren plak yn.

Yn 2000 is de besetting Else van der Greft (sang en gitaar), Marius Bamberger (basgitaar), Mark Maas (drums), Gert Scheffer (gitaar) en Jan Roorda (toetsen). Drummer Simon Voogd naam wer letter it plak yn fan Mark Maas. Bricquebec waard yn 1997 winner fan it NCRV-programma Popslag. Yn de simmer fan 1998 joech de band in konsert yn it Normandyske stedsje, dêr't Bricquebec syn namme oan ûntliende. Yn novimber 2008 op de Fryske Music Night spile de groep it lêste konsert.

[bewurkje seksje] Diskografy

  • Ik doch't moarn wol (1987/’88);
  • Lit ús mar rinne (1992)
  • Salang lyn (1996)
  • Hjoed (2002)

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


link praca pozycjonowanie gorzow Phil Ivey Sejfy Odzież Adidas