Bitgummole
Bitgummole is in doarp yn de gemeente Menameradiel, east fan Berltsum. It doarp hat likernôch 950 ynwenners (2009). Oant 1963 wie it in buorskip fan Bitgum.
Yn it earstoan wie de bebouwing byinoar op de Skreedyk, in stik Middelseedyk dat as trochgeande wei fan Ljouwert nei Berltsum tsjinne. It lei oan de middelseedyk en efter in dwersdyk troch de eardere Middelsee, de Langestrjitte-Skreedyk. Dy waard om 1300 oanlein om it efterlân te beskermjen tsjin heech wetter. Dus in doarp op de grins fan twa lânskipstypes: it âlde kwelderlânskip mei in lytseskalige mozaïekferkaveling en it iepen en strakke polderlânskip fan de eardere Middelsee. Letter waard ek bylâns oare ferbiningswegen boud, en nei de fyftiger jierren tusken dy wegen. In echt sintrum hat Bitgummole noait hân. Bitgummole is ûntstien by de nôtmole dy't de bewenners fan de state Grut Terherne yn de 16e ieu bouwe litten hawwe. De mole is yn 1864 ôfbaarnd en net wer opboud.
It doarp wie sterk op de landbou rjochte en hie in feiling en in lânbouskoalle. Tsjintwurdich wenje der in soad forinzen yn it doarp, dy't wurkje yn de tsjinstensektor yn Ljouwert.
De belangrykste ûntslutingswei wie de J.H. van Aismawei, in gedielte fan de Middelseedyk, dêr't de measte huzen oan stiene. It wie de trochgeande wei fan Ljouwert oer Berltsum nei Minnertsgea en Seisbierrum. Troch de oanleine Westergoawei (S10) is de funksje fan de Van Aismawei as trochgeande dyk ferfallen. Dêrneist binedr ferbiningsdiken nei omlizzende doarpen: ‘de Ingelumerdyk nei Ingelum, de Menamerdyk nei Menaam, en de Langestrjitte rjochting Stiens. Bylâns dizze diken is geandewei ek bebouwing komd. Troch de oarspronklie dykbebouwing en lettere bebouwing lâns ferbiningsdiken hat Bitgumermole gjin buorren dêr't omhinne boud is. Bestimmingsplannen fan nei de jieren jaren 50 hawwe derfoar soarge dat it gebiet tusken de diken yn beboud waard sadat de bebouwing wol kompakter waard, mar noch altiten sûnder buorren.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
[bewurkje seksje] Ynwenners
[bewurkje seksje] Berne yn Bitgummole
- Jarich de Vries (1915), kabaretier en revuskriuwer
- Tetman de Vries (1915), kabaretier en revuskriuwer
- Gerben Wartena (1923), steatelid
- Auck Peanstra (1954), skriuwster
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Yn Bitgummole soe in stins stien ha dêr't yn 1511 oer skreaun waard. Letter soe de famylje Buma op de pleats wenne ha.
- Auck Peanstra is in bekende Fryske skriuwster út Bitgummole.
- De iepenbiere skoalle fan Bitgummole hjit Martenaskoalle; de kristlike skoalle hjit Mooitaki.
- Oan Dyksterhuzen stie eartiids de Bumastate.
[bewurkje seksje] Strjitten
De Hammeringen, Dyksterhuzen, Ingelumerdyk, De Bosk, It Bosklân, It String, J H van Aismawei, K van der Meijstrjitte, Langestrjitte, Lytsedyk, Menamerdyk, Moalderspaad, Nijlânsdyk, Sikkemabuorren, Terhornestrjitte.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
polish pass ubezpieczenia letimint trucks Michael O'Brien link tanie mieszkania kraków