Admiraliteitskolleezje
It Admiraliteitskolleezje, ek wol Fryske Admiraliteit en Admiraliteit fan Fryslân, wie ien fan de Admiraliteiten yn de tiid fan Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen dy't as taak hienen it feilichstellen fan de seefeart. De Fryske Admiraliteit waard yn 1596 oprjochte troch de Steaten fan Fryslân en oarspronklik festige yn Dokkum, letter yn Harns. Yn 1795 mei de Frânske tiid waard it kolleezje opheft.
It Admiraliteitskolleezje fan Fryslân waard yn 1597 ferheft ta Generaliteitskolleezje . Der wiene op dat stuit fiif generaliteitskolleezjes yn de Republyk. Dy yn Dokkum wie de ienige yn it noarden. De leden waarden om bar diels troch Fryslân, diels troch oare gewesten keazen (sjoch ambulatware amten). Al gau die bliken dat Dokkum gjin goeie fleatbasis wie, trochdat it Dokkumer Djip tichtslibbe. Dêrom waard yn 1645 it kolleezje nei Harns ta ferpleatst.
It feilichstellen fan de seefeart wie de wichtichste taak fan de Admiraliteiten. Dêrta moast soarge wurde foar bou en útrissing fan oarlochsskippen neffens beslút fan de Steaten-Generaal. Belestingen heffen op yn- en útkommende fracht en skippen en op konvoai- en lisintjilden wie oare wichtige taak dat dien wurde moast.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Ferneatiging fan it Admiraliteitsargyf
In soad boarnen oer de Fryske Admiraliteit binne der tsjintwurdich net mear oer. Dat hat alles te krijen mei twa brânen. By de grutte brân fan 12 op 13 febrewaris 1771 yn Harns gie hast al it argyfmateriaal ferlern fan de admiraliteit. Ek in soad âlde kaarten en dokuminten oanbelangjende de skiednis fan Fryslân ferbrânden. It bytsje materiaal dat der noch oerbleaun waard oerbrocht nei it Departemint fan Marine yn De Haach. Doe’t dêr op 8 jannewaris 1844 brân útbruts, fergie ek it oerbleaune materiaal. Ek oer de grutte mannen fan de Admiraliteit is kwealik wat bekend. Ek hjir is it breklike argyfmateriaal de oanlieding. It ferhaal fan Beucker Andreae is in oandwaanlik foarbyld. Andreae makke in stúdzje nei it libben fan Auke Stellingwerf. Oer syn sneuptocht nei de doopboeken fan syn berteplak skreaun hy it neikommende:
| “ | Er was echter bij de kerkvoogden eene kist met oude boeken en schrifturen bewaard gebleven, waaronder, naar de meening van een oudinwoner der stad, doopboeken zouden schuilen. Maar die kist had men vóór eenige jaren ter bewaring aan H. H. Diakenen overgegeven. en daar zij ongelukkig niet slotvast was, had de moeder in het oude-mannen-huis de boeken, daarin voorhanden, tot allerlei huishoudelijk gebruik tot patronen verknipt! En zoo is het gekomen, dat, ofschoon de kist aldaar nog bestaat, de papieren er niet meer te vinden zijn.
Beucker Andreae |
” |
[bewurkje seksje] Organisaasjestruktuer
Op 14 juny 1597 waard op de gearkomst fan de Steaten-Generaal in útstel goedkard. Der waard besluten om it yn 1593 ophefte Collegie Superintendent fan 1589, dêr't Prins Maurits, sûnt 1588 Admiraal-Generaal, oan it haad fan stie, te fervangen troch fiif selstannige Admiraliteiten: de Sieuske, de Fryske, de West-Fryske, de Amsterdamske en de Rotterdamske. De Fryske Admiraliteit hie in eigen hierargy. De Admiraliteit waard laad troch in kolleezje dêr't de riedsleden ("raden") in sit hienen. Dit kolleezje wie ferantwurdlik foar it oanstellen fan amtners sa as boades, klerken en doarwarders. Dêrneist waard troch de Steaten-Generaal by eltse Admiraliteit in ûntfanger-generaal, in sekretaris en in advokaat-fiskaal beneamd. Utsein Fryslân betelle ek de stêd Grins mei; faak waarden dêrom Grinzers beneamd op befelfierende posysjes, sa as admiraal Rudolf Coenders, en meast wiene der in tal skippen mei in nei Grins ferwizende namme. De Fryske Admiraliteit waard oprjochte op 15 augustus 1597. De fiif admiraliteiten kamen twaris yn't jier gear yn Den Haach en harren fertsjintwurdiger foarmen dan in Generalteitskolleezje; yn de praktyk hiene hja lykwols net in protte gesach.
[bewurkje seksje] Yn Dokkum
De Admiraliteit kaam yn it âlde riedhûs, it yndruk meitsjende Blauhûs, op de hoeke fan de Heechstritte en de Lange Easterstrjitte yn Dokkum. Dit gebou wie yn 1589 oankocht troch kaptein Tjaerd Tjebbes foar 900 goudgûne.
Yn't earstoan betelle it stedsbestjoer de hier, mar fan 1610 ôf gie de Admiraliteit sels ta de bûse. [3]
Yn 1618 ferhûze de ynstelling nei in oar pân, dêr't no it steedlik museum fan Dokkum, it "Het Admiraliteitshuis", yn sit. (It museum rjochtet him net allinnich op it seefeartferline fan Dokkum.)
Oer de perioade tusken de oprjochting en de Slach by Duins is net folle bekend troch de ferneatiging fan it argyf fan de Admiraliteit. Wol docht bliken út de floatlist dat by de Slach by Gibraltar kaptein Teunis Woltersz der by wie mei it skip De Friesche Pinas. It is net witten hoefolle- en hokker manlju en hoefolle kannonnen dit skip hie.
Dat mei it oanmeunsterjen by de Admiraliteit te Dokkum in soad jild te fertsjinjen wie, docht bliken út it de folgjende passaazje út de notulen fan in gearkomst fan de Steaten Generaal, dêr't dizze kaptein om beleaning freget fanwegen de moed dy't er sjen litten hat:
Kaptein Thoenis Woltersz. vraagt bij rekest betaling van f. 50,= die hem 17 December 1609 zijn toegewezen voor betoonde moed in de slag bij Gibraltar, voorts voorschrijven aan de Adm.v.Dokkum om hem weer in dienst te nemen en in tussen toekenning van een traktement. De Staten besluiten de Adm te schrijven dat zij Woltersz de f. 50,= moet uitbetalen en hem bij de eerste vacature weer in dienst te nemen. Voorlopig zal hij een extra-ordinaris traktament van f. 12,= ontvangen, als blijkt dat hij werkelijk dienst doet.[4]
[bewurkje seksje] Ferneamde floatfâden fan de Fryske admiraliteit
- Aukes, Douwe:
- Broeck, Joris Pieter van:
- Brunsveldt, Adriaan:
- Bruynsvelt, Hendrik: skout-by-nacht
- Coenders, Rudolf: ficeadmiraal (1665)
- Deketh, Jacobus:
- Groot, Tjaard de:
- Middaghten, Christoffel: skout-by-nacht (1705)
- Star, Enno Doedes: ficeadmiraal (1666)
- Stellingwerf, Andriesz Pieter: equipagemaster
- Stellingwerf, Auke: luitenant-admiraal (1665)
- Stellingwerf, Frederik:
- Tjebbes, Tjaerd:
- Vries, Tsjerk Hiddes de: luitenant-admiraal (1666)
- Vries, Hidde Sjoerds de: skout-by-nacht (1692)
- Wiglema, Schelte Tjerks:
[bewurkje seksje] Seeslaggen dêr't de Fryske Admiraliteit oan dielnaam
Tusken 1596 en 1792 waard oan ferskillende seeslagen dielnomd. Meast wie de Fryske float part fan de konfederearre float fan de fiif Admiraliteiten byinoar, nammentlik: De Sieuske, De Fryske, De West-Fryske, De Amsterdamske en de Rotterdamske). Yn in pear gefallen gie it om in ynternasjonale koalysje. By guon bekende seeslaggen liet de Fryske admiraliteit it sitte; soms omdat men te let wie, en soms omdat men gjin jild hie foar it tarissen fan in floatg, sa as yn de measte slaggen fan de Tredde Ingelsk-Nederlânske Oarloch doe't Fryslân en Grins oanfallen waarden troch de biskop fan Münster, Bernhard von Galen.
- Slach by Gibraltar 1607
- Slach by Duins 1639
- Slach by Dover 1652
- Slach by Plymouth 1652
- Slach by de Hoofden 1652
- Slach by de Singels 1652
- Trijedeiske Seeslach 1653
- Seeslach by Nieuwpoort 1653
- Slach by Ter Heijde 1653
- Slach yn de Sont 1658
- Trijedeiske Seeslach 1663
- Slach by Lowestoft 1665
- Fjouwerdeiske Seeslach 1666
- Twadeiske Seeslach 1666
- Tocht nei Chatham 1667
- Slach by Solebay 1672
- Twadde slach by it Schooneveld 1673
- Slach by Kijkduin 1673
- Slach by Beachy Head 1690
- Slach by de Doggersbank 1781
Dêneist fjochten noch in stikmannich skippen fan de eardere Fryske Admiraliteit yn de Seeslach by Kamperduin yn 1797, doe ûnder de flagge fan de Bataafske Republyk.
[bewurkje seksje] Slach by Kijkduin
Yn 1673 wie der in grutte seeslach by Kijkduin. It wie de lêste grutte fjochterij yn de Tredde Ingelsk-Nederlânske Oarloch. Hjir in oersjoch fan de skippen en kapteins fan de Admiraliteit fan Fryslân dy't der oan meidienen.
Linyskippen:
Elf Steden 50 (Witzo Johannes Beima)
Prins Hendrik Casimir 70 (skout-by-nacht Hendrik Bruynsvelt)
Groningen 70 (ficeadmiraal Enno Doedes Star)
Oostergo 58 (Jan Janszoon Vijselaer)
Fregat:
Windhond 30 (Jan Pieterszoon Vinckelbos)
Advysjachten:
Hoop 6 (Cornelis Reindertssoan Ienearm)
Liefde (Jochum Jansen)
Brâner:
Welkomst (IJsbrand Albertszoon)
[bewurkje seksje] Literatuer
- Engels, M.H.H. Admiraliteit in Friesland - Dokkum 1599 (Ljouwert, 1999)
- Hoogeveen, H. Tsjerk Hiddes - Hwat in dekfeintsje wurde kin (Boalsert, 1967)
- Kamminga, L. Schepen van de Friese Admiraliteit (Ljouwert, 1973)
- Roodhuyzen, T. De Admiraliteit van Friesland (Frjentsjer, 2003)
- Smits, E. De Friesche Admiraliteit boven water - deel I (Dokkum, 1996)
- Smits, E. De Friesche Admiraliteit boven water - deel II (Dokkum, 1996)
- Piter Terpstra, Tweeduizend jaar geschiedenis van Friesland (Ljouwert, 1979)
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- Artikel út it Frysk Deiblêd
- Side mei ynformaasje oer de Fryske Admiraliteit
- Logboeken fan de Fryske Admiraliteit
- It museum Admiraliteitshuis te Dokkum
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
short term loans online klocki drewniane kryształy swarovskiego private equity buyout Elbląg baza firm